De hichtepunten fan de Hynstekeuring 2020. It Frysk Hynder stie op 11 jannewaris 2020 wer yn de 'spotlights' by de jierlikse hynstekeuring fan 'Het Friesch Paarden-Stamboek' yn Ljouwert. Sneon 11 jannewaris stjoerde Omrop Fryslân fan 8.30 oere ôf de keuring fan de stamboekhynsten live út op telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. Mei kommentaar fan Gerrit de Boer fan Omrop Fryslân en saakkundige Henk Dijkstra fan 'Het Friesch Paarden-Stamboek' en ynterviews. Foar bûtenlânske sjoggers wie de útstjoering op ynternet te folgjen mei Ingelsk kommentaar en Dútsk kommentaar. Njonken de keurings wiene der showrubriken te sjen en fansels is it hichtepunt fan de dei alle jierren de beneaming fan de 'Kampioen stamboekhynst'.