Yn ôflevering fiif gean we sjen hoe't de natuer der útsjocht yn de Riisterbosk yn Gaasterlân. Wy begjinne mei in suksesfolle jacht nei de houtsnip. De hjerst is ek de tiid fan it jier wêryn de wyn noch wolris úthelje wol en dan wol der wolris wat omfalle of ôfbrekke. Mei boskwachter Jan Schram fan It Fryske Gea wurdt sjoen of dea hout ek echt nij libben opsmyt.