HEA!
Terugkijken

HEA!

13 februari 17:15 - 17:30

It is karnavalsdisko by Alliade yn Drachten en it dak giet derôf. Elkenien is op syn moaist ferklaaid en DJ Sierik fersoarget tegearre mei Klaas en Frank de muzyk. Blaaskapel De Swalkers fan Blauhûs makket it feest kompleet. As hy oan it skilderjen is, dan stiet der operamuzyk op, mar draaioargelmuzyk mei ek. Jetse de Boer fan Jirnsum reparearet en skilderet fronten en poppen fan draaioargels en syn wurken gean de hiele wrâld oer. Der is sels in boek oer him skrean en dat fynt hy in ear.