HEA!
Terugkijken

HEA!

30 januari 17:15 - 17:30

Al 60 jier wurket Tedie Walthuis fan Warkum yn de grientesaak dêr't syn heit ea mei begûn. Hy is 74 jier en der dei en nacht mei dwaande. Fêste klant Hille Faber hat sels in liet oer Tedie skreaun. Yn Grou hinget der boppe de bank by de famylje Jongsma in barometer, mar ek in interessant skilderij. Jan Sikke Jongsma jout in rûnlieding yn syn wurkpleats en leit de meditearjende wurking út fan de slinger fan de klok.