HEA!
Terugkijken

HEA!

10 januari 17:15 - 17:30

By in reis yn Amearika fjouwer jier lyn rekke Ingrid de Jager besmet mei it fiskfirus. En no is se hast alle wykeinen wol yn in boatsje op it wetter te finen. Fiskjen is har wize om te genietsjen fan de natuer wurden. It giet Ingrid om de grutte rôffisken lykas snoeken. 85 jier lyn waard de Moadefakskoalle fan Bakhuzen oprjochte troch katolike susters, bedoeld om famkes en froulju it naaifak te learen. Sa koene se oplaad wurde ta kûpeuze. Yntusken is de skoalle oernaam troch in stifting, mar noch altyd kinne kursisten dêr naailessen folgje.