HEA!
Terugkijken

HEA!

24 januari 17:15 - 17:30

Twa kear wyks stapt Remko Gerbrandij yn it stienkâlde wetter fan de Hegemer Mar. Mar dêr jout hy neat om, it jout him krekt rêst. By Turkse kapper Jalal Shamsa oan it Vliet yn Ljouwert komme allerhande nasjonaliteiten te knippen. "Mar úteinlik ha we allegearre itselde bloed" sa seit de kapper. Omdat Henkie net aardzje koe yn in flat, is hy by syn maat Willem ynlutsen. Tegearre kinne de mannen it goed fine, se diele de hobby's fiskjen, fuotbal en Formule 1.

HEA!

Vandaag 17:15 - 17:30 Romantyk yn wen-soarchsintrum Foswert yn Ferwert. De bewenners genietsje fan in breidsmoadeshow. Guon troujurken binne al aardich âld, dy binne noch droegen troch bewenners fan it soarchsintrum. Wat hinget der by Henk Wolthuis yn Easterwâlde boppe de bank? Ferslachjouwer Janko Krist bellet oan. It giet al gau net mear oer de twa spegels dy't boppe de bank hingje. Henk hat nei eigen sizzen in "woest libben" hân. Hy is âld korps kommando, hat tsjinne yn Libanon en Kambodja en hat de fjoerwurkramp yn Enschede yn 2000 meimakke

HEA!

29 februari 17:15 - 17:30 Sûnder keunst is hy neat. Jan van der Meulen (88) skilderet noch alle dagen, ek al sjocht hy hast neat mear. De Burgumer hat gjin idee wat hy makket en hy skilderet hielendal op gefoel. Romke Idskema sil efkes nei syn soan Geert mei wat hout. Der moat in boat ôftimmere wurde en hy bringt it graach, want dan kin hy syn pakesizzer ek efkes sjen.

HEA!

28 februari 17:15 - 17:30 Ek skiep ha humor. Dat seit skiephoeder Marieke van Schuppen. En sy kin it witte want se hat in keppel fan 800 skiep. Op't stuit is it smoardrok mei de lammerij. Wa wurdt it 'snertwiif fan De Friese Boys'? By de fuotbalklub fan Kollumersweach wolle se wolris witte wa't de lekkerste snert makket en wat der dan allegearre yn sit. 

HEA!

27 februari 17:15 - 17:30 De 'Berchhiem Bastards' wurde se wol neamd, de bruorren Henk (95) en Piet (94) Seegers. De mannen wenje yn it soarchsintrum yn Burgum, dêr't se yn harren scootmobielen de gongen 'ûnfeilich' meitsje. Yn Dokkum treffe we in man dy't ôfskied nimt fan it hûs dêr't hy 37 jier wenne hat en dat no sloopt wurdt.