HEA!
Terugkijken

HEA!

12 december 2023 17:15 - 17:30

Jacqueline Claus libbe ea mei mear as 100 katten ûnder ien dak. No hat se der noch in pear oer. Claus hat leaver bisten as minsken om har hinne. Trije hinnen skarrelje los op'e dyk om yn Hurdegaryp. It binne 'omtoffelpiken' neffens in buertbewenner. Mar fan wa 't se no krekt binne is net dúdlik.

HEA!

Gisteren 17:15 - 17:30 Net koppe, gjin slidings, net boppe heuphichte sjitte en foaral net drave! Dat is Oldstars fuotbal. By de fuotbalklup fan Wolvegea binne se mei in nij frouljusteam oan dizze fuotbalfariant begûn. 'The big five', de fiif bekindste wylde bisten fan Afrika, hingje by Klaske Minnema yn Dokkum boppe de bank. In werinnering oan har reizen nei it kontinint. 

HEA!

20 februari 17:15 - 17:30 Meine de Vries fan Harich is grutsk op syn tsjerke. Hy is der frijwilliger, liedt dêr de klok en hat yn de toer in hiel bysûnder 'museumke' makke fan allerhanne buordsjes mei spreuken. Boppe de bank by Leo de Jong hinget neat, want hy hat gjin bank. De Jong wennet tydlik yn Dokkum, want hy moat der ynkoarten wer út. Leo wennet allinnich en hy is happy single.

HEA!

15 februari 17:15 - 17:30 Raymond Guzman fan Houston wie in dûnstalint. Fan syn 18e jier ôf hat hy oer de hiele wrâld yn grutte musicals dûnse. Yn Amearika moete hy syn Fryske frou Tialda. Sy wie ek dûnseres en sûnt 2000 wenje se mei harren fjouwer bern yn Snits. En we sizze Goeie! yn Rottum

HEA!

14 februari 17:15 - 17:30 Al fyftich jier hâldt Klaas Drint fan Drachten him dwaande mei natuerstiennen. Hy siket se, seaget se dan dwerstroch, en dêrnei wurde se moai slipe. Foaral by bouprojekten en by de oanlis fan diken binne goeie fynplakken foar de stiennen. Anita de Lange is in echt natuerminsk, se is gek op blommen, fûgels en bisten. En har hûntsje is wer hielendal gek op har.