HEA!
Terugkijken

HEA!

30 november 2023 17:15 - 17:30

Yn De Wylgen stiet in komplete kompjoetersjoerde krystljochtshow. Minsken kinne alle wykeinen komme te sjen by Siemen de Boer syn 20 minuten duorjende muzikale show mei sa'n 5000 ljochtsjes. Mei de fraach wat der boppe de bak hinget bedarret HEA! by Dylan Gerritsen yn Ljouwert. Der hinget in brêge boppe de bank foar de katten. Dy meie de boel graach oersjen. Fierder stiet der yn de húskeamer in megagrut krystdoarp.