HEA!
Terugkijken

HEA!

9 november 2023 17:15 - 17:30

Op SBO De Súdwester yn Snits ha se in eigen skoallekoar en dat is bysûnder, want dy binne der hast net mear. Alle tongersdeimiddeis is der in spesjaal lesoere foar bern dy't graach sjonge wolle. Sjoukje Overzet en har kollega Jessica van der Schuit ha it koar opsetten en se witte hoe belangryk it is dat bern sjonge en dûnsje. Linda Schokker en Sjouke van der Naalt fan Peazens binne yn septimber al begûn mei it bouwen fan in krystdoarp yn harren hûskeamer. Dizze út de hân rûne hobby hat harren tichter by-elkoar brocht.