De hiele famylje Visser hat der oan meiwurke. Mei de fersierde wein 'Het volk van de witte parel' dogge se mei oan de grutte optocht fan it doarpsfeest fan Eanjum. Hoe seach it wurk op it lân der midden foarige iuw út? Dat is goed te sjen op de Boereheadei yn Raerd. Inisjatyfnimmer Titus de Wolff hat in grutte sammeling âlde trekkers en ark dat brûkt waard om hea te meitsjen.