HEA!
Terugkijken

HEA!

7 juni 2023 17:15 - 17:30

It tsjerkhôf fan Kollumersweach leit der kreas by. Alle tiisdeis is der in ploech frijwilligers op leeftiid dwaande om alles by te hâlden. Der wurdt meand, skoffele, paden wurde ûnderhâlden en skeve grêfstiennen wurde wer rjochtset. Machtich moai om te sjen fine Jens en Tjibbe it. Jannes de Boer, de heit fan Jens, hat syn âlde Lanz Bulldog-trekker foar't ljocht helle mei in âlde skodder om hea te meitsjen.