Der hinget in feestlike stimming yn Sint Anne, it is merke en de oldtimers fan de Alvestêderally komme troch it doarp. Foar de Van Harenstsjerke is dan ek in moai plakje om mei de Hea!-caravan stean te gean. Ferskate Bilkerts komme efkes del om harren ferhaal dêr te dwaan.