HEA!
Terugkijken

HEA!

17 mei 2023 17:15 - 17:30

Al fjirtich jier hâldt Pieter Haringsma fan Sleat as stedsomropper syn plakgenoaten op 'e hichte fan alles dat der yn'e stêd spilet. Mar Haringsma is no 79 jier en it hat no moai west. In harsenblieding makke 17 jier lyn in ein oan it wurksume libben fan Henk Tichelaar. De frachtweinsjauffeur rekke oan ien kant ferlamme. Mar doe ûntduts hy in nij talint: skilderjen. 

HEA!

18 april 17:15 - 17:30 By de famylje Beukema fan Surhuzum binne se allegear darts-gek. Heit Wopke hat de leafde foar it darten trochjûn oan syn beide soannen Teake en Cor. Achter hûs ha se harren eigen dart-hok, dêr't se alle jûnen te finen binne. Fan heit krych hy syn earste metaaldetektor. Dêrnei is it speuren nei skatten yn de grûn allinnich mar mear wurden. Robbert Velt hat de iene nei de oare bysûndere fynst út de grûn helle en in gouden fibula is syn meast bysûndere.

HEA!

17 april 17:15 - 17:30 Neist einekoerflechtsjen is de 92-jierrige Siemen Jellema fan Gau ek noch altyd dwaande mei syn winkeltsje yn snypsnaren en âld guod. By de famylje Roskammer op it Hearrenfean hinget neat boppe de bank. Mar se ha al in poster foar it rút...

HEA!

16 april 17:15 - 17:30 Wol twa oant trije kear deis makket Klaas Vriesema (76) in slach troch Grou op 'e fyts. Mei elk dy't er tsjinkomt makket hy in praatsje. Sa fytst hy wol 40 kilometer deis en 14.000 kilometer yn it jier. It is feest by de famylje Kozan-Karadavut op it Hearrenfean. Om it Sûkerfeest te fieren is de hiele famylje op besite by beppe op it Hearrenfean. 

HEA!

11 april 17:15 - 17:30 Tachtigers Arie en Diny de Vries binne mei harren 'Kippetje' hielendal te plak op de stedscamping yn Boalsert. Yn ruil foar it steanjild dogge se ek it behear en it skjinmeitsjen. De Fantasy boeken fan Joël de Vries foarmje foar har in momint om efkes út de realiteit te ûntsnappen. Boppe har bank hinget in planke fol mei dit sjenre.