HEA!
Terugkijken

HEA!

13 april 2023 17:15 - 17:30

Noch fol moaie ferhalen oer de avontoeren fan eartiids hâldt de aaisikersclub fan Wurdum der mei op. Sûnt der gjin ljipaaien mear meinaam wurde meie, liede de club al in sliepend bestean. No, nei 100 jier, is it momint fan opheffen kaam. Al in jier as sân docht Thomas van der Ploeg út Broeksterwâld oan hout slepen mei syn Schwarzwälder Fuchs-hynder. De rún is in hynder dat graach wurkje wol. Van der Ploeg docht wol mei oan wedstriden, mar it moaiste fynt hy hast wol it echte wurk yn de bosk, yn opdracht fan in boskwachter. 

HEA!

Gisteren 17:15 - 17:30 Meine de Vries fan Harich is grutsk op syn tsjerke. Hy is der frijwilliger, liedt dêr de klok en hat yn de toer in hiel bysûnder 'museumke' makke fan allerhanne buordsjes mei spreuken. Boppe de bank by Leo de Jong hinget neat, want hy hat gjin bank. De Jong wennet tydlik yn Dokkum, want hy moat der ynkoarten wer út. Leo wennet allinnich en hy is happy single.

HEA!

15 februari 17:15 - 17:30 Raymond Guzman fan Houston wie in dûnstalint. Fan syn 18e jier ôf hat hy oer de hiele wrâld yn grutte musicals dûnse. Yn Amearika moete hy syn Fryske frou Tialda. Sy wie ek dûnseres en sûnt 2000 wenje se mei harren fjouwer bern yn Snits. En we sizze Goeie! yn Rottum

HEA!

14 februari 17:15 - 17:30 Al fyftich jier hâldt Klaas Drint fan Drachten him dwaande mei natuerstiennen. Hy siket se, seaget se dan dwerstroch, en dêrnei wurde se moai slipe. Foaral by bouprojekten en by de oanlis fan diken binne goeie fynplakken foar de stiennen. Anita de Lange is in echt natuerminsk, se is gek op blommen, fûgels en bisten. En har hûntsje is wer hielendal gek op har.

HEA!

13 februari 17:15 - 17:30 It is karnavalsdisko by Alliade yn Drachten en it dak giet derôf. Elkenien is op syn moaist ferklaaid en DJ Sierik fersoarget tegearre mei Klaas en Frank de muzyk. Blaaskapel De Swalkers fan Blauhûs makket it feest kompleet. As hy oan it skilderjen is, dan stiet der operamuzyk op, mar draaioargelmuzyk mei ek. Jetse de Boer fan Jirnsum reparearet en skilderet fronten en poppen fan draaioargels en syn wurken gean de hiele wrâld oer. Der is sels in boek oer him skrean en dat fynt hy in ear.