Bewenners fan de Meester Lokstrjitte yn Ravenswâld seagen wol wat moais yn de stam fan in ôfseage bûkebeam yn harren strjitte. Nei wat tsjinakseljen fan de gemeente kaam der dochs grien ljocht. En sa waard beamseachkeunstner Jeroen Boersma ynskeakele om der in moaie skulptuer fan te meitsjen. As jonge woe hy altyd al it leafst achter de sjauffeur yn de bus sitte, sadat hy sjen koe hoe 't alles gie. En noch is Thijs van de Bles fan Sonnegea gek op bussen. Doe't de giele streekbussen der út giene, kocht hy sels ien op. En dat waard it begjin fan in ridend busmuseum, offisjeel de Stichting Openbaar Vervoer Collectie Nederland (OCVN).