HEA!
Terugkijken

HEA!

20 december 2022 17:15 - 17:30

Albertus hjit er, neamd nei syn pake. Rindert Douwes en syn freondinne Rina binne 1 desimber de grutske âlders fan in sûne soan wurden. Foar Rindert is it allegearre wol wat wennen. Hy is noch net sa handich mei dat lytse guod. Mar hy fynt it prachtich dat Albertus wol wat fan him hat. Op de pleats yn Brantgum is it by broer Foppe is stik stiller. Mem is koartlyn ferstoarn en Foppe syn ferkearing is ek út rekke. Hy hopet al werris in nije faam te finen, want allinnich wêze fynt Foppe mar neat.