Ate de Boer út Boelensloane docht de dingen graach op syn eigen wize. By it fjoer yn syn blokhutte skriuwt hy ferskes en begeliedt himsels op gitaar. Foar Piet út Húns is Saab it moaiste automerk dat der bestiet. Syn earste auto wie ek ien fan dit Sweedske automerk. Yntusken steane der acht Saabs yn syn hokken. Mar der moat noch wol it ien en oar oan dien wurde.