HEA!
Terugkijken

HEA!

2 november 2022 17:15 - 17:30

Is it âlde guod dat op solder stiet en dat je wol kwyt wolle noch wat wurdich? Op de taksaasjedei yn de kringloopwinkel fan Dorcas op It Hearrenfean kinne klanten der achter komme. In echte taksateur fan in lânlik feilinghûs skat de ynbring op wearde. Joran Meilof en Sietse van der Zwaag snoeie yn opdracht fan de gemeente Ljouwert de beammen yn de doarpen om de stêd hinne. Mar krekt as Sietse heech yn de beam sit is der in probleemke: de motor fan de heechwurker docht it net mear.