HEA!
Terugkijken

HEA!

27 oktober 2022 17:15 - 17:30

Klaas de Haan fan Jouswier is krekt 80 jier wurden en syn berop is AOW-er. Mar hy boartet graach mei syn kraan en hekkelt al hast syn hiele libben. Bianca Heynis wennet sûnt in jier yn Fryslân. Se is foar de leafde fertrokken út Noard Hollân en delstrutsen yn Koarnjum. 

HEA!

Gisteren 17:15 - 17:30 Olaf Visser en Merle Veurink binne de eigeners fan Stoeterij Friese Visser yn Drachten. Se fokke, traine en hâlde Fryske hynders. Op dit stuit binne se drok dwaande mei it trainen fan de jonge hynsten dy't meidwaan sille mei de 1e besichtiging yn Harich. Andries de Jong fan Ljouwert is hanneler yn ieren en sinen. Syn hûs stiet fol mei guod út de âlde finzenis, de Blokhúspoarte, mar ek út it al net mear besteande Bonifatuis sikehûs yn Ljouwert.

HEA!

23 november 17:15 - 17:30 Tegearre blaze se al 140 jier by muzykferiening De Bazuin fan Tsjummearum, Jabik Struiksma en Klaas Bonnema. It repertoire is yn dy jierren bot feroare, de leafde foar de muzyk is bleaun. Frou Ros út Mûnein skrikt wat as Hea! by har oan de doar stiet mei de fraach: 'Wat hinget der by jo oan 'e muorre'? Mar toch lit se de kameraploech der yn.

HEA!

22 november 17:15 - 17:30 Bern safolle mooglik bûten boartsje litte. Dat is it doel fan de stifting 'Us Takomst' fan Noardburgum. En mei it spikerdoarp dat se organisearje slagget dat bêst. In âld skeakelboerd dat no in lampe is. Dat hinget der by keunstner Ron Posthuma yn Alde Biltsyl oan'e muorre. Posthuma wennet no 7 jier op It Bilt en dat foldocht him skoan.

HEA!

21 november 17:15 - 17:30 Om âld guod wer oan de praat te krijen, dat jout Sije Hamersma foldwaning. Hy strúnt alles ôf om âlde radio's en meubels te finen. Fan it hjoeddeistige guod moat er neat ha. Thonnis de Jonge en Bernard Berg binne yn in loads yn Bitgummole dwaande mei harren hobby; elektryske skooters ferbouwen. Op dit stuit binne de manlju in elektryske dragster oan it meitsjen. Of it ride kin is noch mar de fraach, mar it is wat in oar net hat, en dat fine se moai.