HEA!
Terugkijken

HEA!

25 oktober 2022 17:15 - 17:30

Hoe skear ik in ko sa, dat se der op har geunstichst útsjocht? Dat leare 20 jonge feefokkers op de skear-oefendei yn Broek. Se krije les fan de ynternasjonaal ferneamde 'cowfitter' Erica Rijneveld. In cowfitter makket de kij moai foardat se nei in keuring of show geane. Dat bart mei in skearapparaat, boarstels, in föhn en oare helpmiddels.  Aaien, blommen, pompoenen... fan alles wat it lân en de natuer biedt ferkeapet Brechtsje yn har nije plattelânswinkeltsje by Snits. En ek de selsmakke sieraden fan ien fan de dochters binne der te keap. It is in echt famyljebedriuwke wurden, want man en soan ha it gebouke timmere.