HEA!
Terugkijken

HEA!

21 september 2022 17:15 - 17:30

De ferwachtings fan Janke L.W. binne heech. De Fryske merje fan de famylje Ludema fan Wytmarsum is ien fan de favoriten op de Sintrale Keuring fan it KFPS yn Harich. Spannende mominten foar de Ludema's oan de sydkant fan de ring, as de hynders fan leech nei heech oproppen wurde foar it kampioenskip by de 3-jierrige merjes. Mar Janke stelt net teloar, de heechste eare is foar har. En as it hynder oan de ein fan de keuring ek noch útroppen wurdt ta algemien kampioen, de allerbêste merje fan Nederlân, is it gelok kompleet.

HEA!

7 december 17:15 - 17:30 Dikkie van der Kooi sit nea stil en hat allegear hobbys. Neist syn generatorferhier hat hy in eigen kroech boud, is er sljocht fan John Deere-trekkers, ferbout hy in pipowein en ferkeapet er krystbeammen oan hûs. Eins hiene de winterbannen der al omsitte moatten. Mar André de Jong hat it útsteld en hjoed sil it dan wêze. André is út it wurk rekke nei in beroerte en kin net tefolle dwaan op in dei. Dit is krekt in moai putsje.

HEA!

6 december 17:15 - 17:30 Al 55 jier is Kees Palma túnder yn Easterbierrum. Palma hat it net maklik hân yn it libben, mar it wurk yn de kassen hat him fierder holpen. Alie Hamstra fan Damwâld rydt yn in wol hiel opfallende auto om: de Volkswein is hielendal útfierd yn in panterprint!

HEA!

5 december 17:15 - 17:30 By de earste besichtiging yn Harich wurde dit jier 343 jonge Fryske hynsten foarbrocht. It wurdt in tige spannende keuring foar Olaf Visser en Merle Veurink, want it is de earste kear dat de âldste soannen fan harren eigen dekhynst Waander 512 meidwaan sille.

HEA!

30 november 17:15 - 17:30 Yn De Wylgen stiet in komplete kompjoetersjoerde krystljochtshow. Minsken kinne alle wykeinen komme te sjen by Siemen de Boer syn 20 minuten duorjende muzikale show mei sa'n 5000 ljochtsjes. Mei de fraach wat der boppe de bak hinget bedarret HEA! by Dylan Gerritsen yn Ljouwert. Der hinget in brêge boppe de bank foar de katten. Dy meie de boel graach oersjen. Fierder stiet der yn de húskeamer in megagrut krystdoarp.