Fan alles dat rydt en âlder is as 25 jier wie wer te bewûnderjen op it grutte Oldtimerevenemint yn Drachten. Nei twa jier stilstean is de organisaasje bliid mei it grut tal dielnimmers. Klassike auto's, antike trekkerkes of rikjende brommers: foar de leafhawwers fan motorisearre transportmiddels is it wer genietsjen. En ek de eksposanten binne bliid dat se harren kostbere oldtimers wer ris showe kinne oan in grut publyk. Want neist in toertocht is der ek noch in Concours d'Elegance, dêr't de grutske eigeners harren moaiste eksimplaren toane kinne. De Brabânske fytstoeristen Jozien en Kees Heijboer genietsje fan in tocht troch it Fryske marregebied. Se dogge alles noch op in 'gewoane' fyts, fan in e-bike wolle se noch neat witte.It echtpear rêstet efkes út mei in bakje kofje op in terraske yn St.Nyk. Se ha krekt in fytstocht fan 35 kilometer om de Tsjûkemar hinne makke. De Brabanners fine it hjir wakker moai en hiel oars as wat se wend binne.