Sa'n acht jier ferlyn wie HEA! yn Wyns by Jaron Hager en Remco van Wijk. Jaron woe letter leanwurker wurde en Remco boer. Op dit stuit tinkt Jaron der wol oer om syn trekkerrydbewiis te heljen, mar of hy leanwurker wurdt is noch mar de fraach. Remco wurket al wol tusken de kij as poatbekapper, mar boer wurde sit der net yn. Yn de HEA! rinnering is op de bou in knyntsje yn ien fan de spelonken kropen. Der wurdt in hiele rêdingsaksje op tou setten, mar it hat wol wat fuotten yn ierde.