FryslânDOK
Terugkijken

FryslânDOK

8 mei 2022 17:00 - 17:35

Joke Folmer (diel 2) – Oerlibje ferplichte Joke Folmer kaam ein jierren santich op Skiermûntseach wenjen. Dêr waard doe net folle oandacht jûn oan it oarlochsferline. Joke begûn te wurkjen oan in nij bewustwêzen en rjochte it 4 maaie-komitee op. Sûnt komme der hûnderten minsken by de jierlikse betinking op it Eare begraafplak Vredenhof. Dêrby klinke de folkslieten fan de dêr begroeven fleaners. Ek it Dútske folksliet. Op skoallen fertelde Joke oer har oarloch ûnderfinings. Se organisearre reüny’s foar alliearde fleaners en harren famyljes en brocht dy yn kontakt mei de Nederlânske boargers dêr’t se ûnderdûkt sitten hiene. Joke soarge derfoar dat der tinkstientsjes, ‘Stolpersteine’, lein waarden by eilanner huzen dêr’t Joaden yn de oarloch wennen. Ek foar it hûs fan Rosette Bannet yn Zeist, de yn Auschwitz fermoarde skoal freondinne fan Joke, is ein maart in tinkstientsje pleatst. Dizze searje wurdt mei mooglik makke troch it V fonds en Stichting Fonds Friesland 1940-1945.