FryslânDOK
Terugkijken

FryslânDOK

1 mei 2022 17:00 - 17:35

Joke Folmer, boadskipfamke fan it ferset - diel 1 Joke Folmer (98) krige hege ûnderskiedings foar har fersetswurk yn de Twadde Wrâldoarloch. Mar noait wie der in film oer har libben makke. Ek net oer har ynspannings foar mear betinken en fersoening op har eigen Skiermûntseach. De eilanner regisseur Thom Verheul fierde djipgeande gesprekken mei Joke Folmer, foardat se de doazen mei oantinkens definityf opberget. In part fan de film is dramatisearre, mei Willemien Slot dy't de jonge Joke spilet. In soad kamerawurk is fan de yn jannewaris 2022 ferstoarne filmer Ismaël Lotz út Grins. De twadielige FryslânDOK oer Joke Folmer wurdt útstjoerd troch NPO2 op 30 april en 7 maaie, en by Omrop Fryslân op 1 en 8 maaie. Joke Folmer - Boadskipfamke fan it ferset Op haar 17e gong Joke mei húswurk lâns by har ûnderdûkte Joadske hertsfreondinne Rosette Bannet. Doe't de famylje oppakt waard, begûn Joke itensbonnen en munysje rûn te bringen. Se brocht hûnderten minsken, foaral piloaten, yn feilichheid. Jong en koelbloedich wist Joke út hannen fan de nazi's te bliuwen, mar yn 1944 waard se arrestearre en ta de dea feroardiele. Se kaam mei in groep oare finzenen yn Dútslân telâne. By Dresden setten de Russen de doarren fan de finzenis iepen, wêrnei't Joke en de oaren nei in wikenlange foettocht yn in Amearikaansk kamp bedarren. Wurch en ferswakt berikten se befrijd Nederlân. Joke wie doe krekt 22 jier. Pas nei de jierren santich kaam der brede wurdearring foar it ferset. Joke Folmer krige de heechste ynternasjonale ûnderskiedings, benammen foar it rêden fan alliearde piloaten.