'Formula de Vries' Al fan lyts ôf oan libbet de Fryske koereur Nyck de Vries foar de autosport. Hy is wrâldkampioen yn 'e Formule 2 en de Formule E. Allinnich de Formule 1 ûntbrekt noch. Wat hat Nyck de Vries der allegearre foar oer om syn doel te berikken? Lykas faker yn de autosport, begjint de dream fan in autokoereur by syn heit. Hendrik Jan de Vries joech syn soan Nyck (Snits, 1995) as beuker in kart kado. Nyck ried hurd, hiel hurd, en woe mar ien ding: winne. De famylje ferhuze nei Italië, sadat Nyck oan ynternasjonale wedstriden meidwaan koe. Nyck waard de earste wrâldkampioen karte, mei op syn holle in racehelm bestikkere mei Fryske pompeblêden. Dêrnei folge it gruttere wurk. Yn de raceweinen fan de Formule 2 waard Nyck yn 2019 de bêste fan de wrâld. Ek yn de elektryske league fan de autosport, de Formule E, behelle er yn 2021 yn Berlyn it wrâldkampioenskip. Noch hyltyd mei de opfallende pompeblêde-helm op. Jongesdream Yn de FryslânDOK 'Formula de Vries' folgje makkers Wilfried Bijma en Arjen de Boer de jongesdream fan Nyck de Vries. Yntusken wennet Nyck yn Monaco en fljocht er sa'n 130 kear per jier de wrâld oer om wedstriden te racen foar ferskate raceteams. By alle suksessen hat er noch ien grutte winsk: in stuoltsje yn de Formule 1, krekt as Max Verstappen. Nyck is op dit stuit reserverider foar Mercedes, it team fan koereur Lewis Hamilton. Oft en wannear't Nyck race mei, is noch ûnwis. De Formule 1 is nammentlik ek de wrâld fan it grutte jild, dêr't in soad bepaald wurdt troch 'paydrivers' en machtige sponsoaren. Mar Nyck soarget dat er der hoe dan ek klear foar is. FryslânDOK: 'Formula de Vries' Sneon 19 maart NPO2 15.30 oere (werhelling 20 maart 13.10 oere) Snein 20 maart Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)