FryslânDOK
Terugkijken

FryslânDOK

13 februari 2022 17:00 - 17:35

'Confrères' - in portret fan de bruorren Anker (diel 2)  De Fryske abbekatetwilling Wim en Hans Anker gong op 1 jannewaris mei pensjoen. Wat litte se Nederlân nei? De FryslânDOK 'Confrères' filmet de bruorren Anker oan it begjin fan harren karriêre (diel 1) en by harren ôfskied (diel 2). De Ankers ferdigenje yn prinsipe elkenien. Yn grutte strafsaken lykas dy fan Ferdi E., Martha U. en Robert M. Mar ek de ynbrekker en de winkeldief koe rekkenje op harren stipe. Sjonge Diel ien fan 'Confrères' is in portret fan de Ankers yn 1995, makke troch regisseur Piter Tjeerdsma. We sjogge se tidens harren wurk op de rjochtbank en as se op besite gean by kliïnten yn de finzenis. Mar de kamera is ek by in lêzing foar de plattelânsfroulju en by it sjongen fan libbenslieten yn it kafee. Ofskied Yn diel twa folget dokumintêremakker Karen Bies de Ankers yn harren lêste wiken as abbekaat. We sjogge se op de lêste rjochtssittingen en by in kursus strafrjocht op Skiermûntseach. Op kantoar wurdt in begjin makke mei opromjen. In hiel karwei, want de bruorren wurkje sûnder kompjûter en smartphone. It binne wiken fan in bitterswiet ôfskied, dat se graach noch in pear jier útsteld hiene. Hans. Hans en Wim Anker wurken fjirtich jier tegearre as abbekaat. As 'confrères' en as 'frères' binne se loyaal en izersterk. In twa-ienheid, dêr't dreech tusken te kommen falt.