DE LANGE AZEM - libje mei Long COVID Yn Noardeast Fryslân wurket in team fan spesjalisten oan it herstel fan minsken dy't al hiel lang klachten hawwe nei in coronabesmetting. Foar pasjinten en behannelers in nije rûte fol ûnbekende paden, want Long COVID is in nije sykte. Longdokter Jolanda Kuijvenhoven fan sikehûs MCL yn Ljouwert hat mei kollega's yn Fryslân, Grinslân en Drinte in behanneltrajekt ûntwurpen. Yn de Post COVID poly fan it MCL, mar ek yn sikehûs De Sionsberg yn Dokkum sjocht sy pasjinten dy't troch de húsdokter trochferwiisd binne. Mei in diagnoaze Long COVID gean sy nei in spesjalisearre fysioterapeut, faak ek in ergoterapeut en soms ek in azemterapeut of diëtist. Herstel Njonken de longdokter giet dokumintêremakker Annet Huisman nei twa pasjinten en in fysioterapeut yn Noardeast Fryslân. Omdat dizze minsken gjin enerzjy hawwe om te reizgjen is it tige wichtich dat de soarch ticht by hûs is. Sebastiaan Verra (40) út Damwâld wurket op in skipshelling op Lauwerseach. Hy krige yn april corona. Noch hieltyd hat hy swiere klachten. Fysioterapeut Afien Wybenga wurket yn Damwâld mei Verra oan syn herstel. Marrit Bekkema (20) út De Westereen rint staazje by in soarchbedriuw yn De Falom. Sy krige yn de simmer corona en is noch hieltyd wurch en benaud. Lokkich kin sy no begjinne oan har herstel.