FryslânDOK
Terugkijken

FryslânDOK

9 januari 2022 17:00 - 17:35

'Doe't de tocht dy't nea trochgong... trochgong': diel 1  Sil der oait noch in Alvestêdetocht komme? Yn febrewaris 1985 wie dat ek de fraach. It wie teiwaar, en de measte minsken hiene de hoop al opjûn. Sûnt 1963 wie der al gjin Alvestêdetocht mear riden. Mar ynienen begûn it wer te friezen en klonken de - no legendaryske - wurden fan Alvestêdefoarsitter Jan Sipkema: 'It sil heve.' De spanning wie te snijen. Wie it wol fertroud? Soe Fryslân de tastream fan minskemassa's oankinne? It waard úteinlik in grut folksfeest, mar, sa fertelle getugen: it wie in tocht 'op it rântsje'. Yn de wykeinen fan 8/9 en 15/16 jannewaris blikt FryslânDOK werom mei de twadielige dokumintêre 'Doe't de tocht dy't nea trochgong... trochgong'.