De trochsneed WOZ-wearde fan in hûs yn Fryslân is it ôfrûne jier mei alve persint omheech gien. De grutste groei wie yn Noardeast-Fryslân mei hast 20 persint. En Flylân hat nei in soad politike strideraasje twa nije wethâlders fûn. Dêrmei hawwe alle gemeenten yn de provinsje no in kolleezje.