It wurdt alle dagen mear en mear dúdlik dat der needopfang nedich is foar asylsikers. Yn it Frysk Kongres Sintrum yn Drachten fangt it COA sûnt ôfrûne freed flechtlingen op. Op it stuit binne der in stik of hûndert, mar dat hienen der wat mear wêze sild. En wylst it bûten 31 graden is, is Smellingerlân dwaande mei de kommende winter en de kwetsbere minsken yn harren mienskip.