Fryslân Hjoed Ekstra
Terugkijken

Fryslân Hjoed Ekstra

6 november 2022 16:00 - 16:10

Omrop Fryslân bringt sneintemiddei om 16.00 oere yn in ekstra edysje fan Fryslân Hjoed op telefyzje it lêste nijs oer de fynst fan in lichem op Skylge. Sneintemoarn waard op de uterste punt fan natuergebiet de Noardfarder in lichem fûn. Al sûnt de oanfarring tusken de snelboat Tiger en de wettertaksy Stormloper yn it Skûtegat binne de helptsjinsten dwaande mei in syktocht nei in 12-jierrige jonge en in folwoeksen man. Twa oare minsken binne by dat ûngelok om it libben kaam.