Fryslân Fit
Terugkijken

Fryslân Fit

30 maart 2020 09:00 - 09:10

Mei Fryslân Fit komme we thús lekker yn beweging, nei in idee fan sportynstrukteur Dirk Jelke de Boer fan sportskoalle Palestra. We begjinne mei in warming-up en dêrnei dogge we trije oefeningen. Dirk Jelke en syn twa kollega's dogge de oefeningen foar. We krije ek tips oer de attributen dy't we brûke kinne by de oefeningen, bygelyks in flesse wetter. En fansels einigje we mei in cooling-down. "We moatte yn dizze tiden allegearre wol yn beweging bliuwe", seit De Boer. "Dêrom dogge wy ferskate oefeningen foar de spieren en de kondysje. It is te fergelykjen mei it tv-programma 'Nederland in Beweging'." Fryslân Fit is foar elkenien tagonklik. "Foar alle leeftiden en op alle nivo's." Presintaasje: Joël Kamminga & Dirk Jelke de Boer