Fiel de nacht
Terugkijken

Fiel de nacht

26 december 2016 17:20 - 17:20

Hoe belibje minsken de nacht as se fan de jûn oant de oare moarns wekker bliuwe? Watfoar gedachten, petearen en gefoelens leveret dat op? Presintator Bart Kingma praat mei bysûndere Friezen oer har libben en driuwfearren op ien fan de tsjusterste plakken fan Flylân. Hjoed yn Fiel de nacht: Anne Hettinga

Fiel de nacht

5 januari 2018 17:20 - 17:50 It Oerd op Amelân is it dekôr foar Bart Kingma om de nacht troch te bringen mei Bearn Bilker. Boargemaster dy't him echt boargerheit fielt, yn in gemeente dy't nochal wat minsklike drama's foar de kiezzen krigen hat. Mar ek in boargemaster dy't in soad tiid stekt yn syn passy: keningshuzen yn Europa. En in boargemaster dy't him der net foar skammet om op te fallen, mei populêre lêzingen en optredens yn de media. In boargemaster mei ambysjes dus, mar ek mei relativearring, en humor. En fertriet.

Fiel de nacht

4 januari 2018 17:15 - 17:50 Middenyn de prachtige dunen fan it Amelân bringt Bart Kingma de nacht troch mei Greetje Bijma. Se hat in unyk talint en kriget dêrfoar wrâldwide erkenning. Mar wat se kin is sá bysûnder, dat it aldermachtich lestich is om dêr in grut publyk fan meigenietsje litte te kinnen. En sûnt de stipe fan har man fuortfallen is, is dat oerlibjen allinnich mar dreger wurden.

Fiel de nacht

3 januari 2018 17:15 - 17:50 Bart Kingma bringt yn de dunen fan It Amelân de nacht troch mei Rients Ritskes. De man dy't as missy hat om Nederlân oan it meditearjen te krijen - en dêr aardich yn slagget. Hy boude in grut zen-ympearium op, en moat him no eins hâlde en drage as in sakeman. Mar is dat wol te kombinearjen mei syn djipste winsk om foaral stil, yn himsels en folslein 'zen' te wêzen?

Fiel de nacht

2 januari 2018 17:15 - 17:50 Op it Oerd op Amelân bringt Bart Kingma middenyn de dunen de nacht troch mei Marijke Roskam. De frou dy't har as sjoernaliste, kommunikaasje-adviseur of deifoarsitter alle dagen beweecht yn de wrâld fan bestjoer, polityk en bedriuwen. Wat stekt se dêrfan op, en hoe brûkt se dat yn har eigen libben, dat folslein yn it teken stiet fan fêsthâlden en loslitten.