Ferhalen fan de Ofslútdyk
Terugkijken

Ferhalen fan de Ofslútdyk

31 januari 2022 17:15 - 17:30

De ferhalen fan Paul de Ruiter en Johan Vingerling It bekendste bouwurk op de Ofslútdyk, it Vlietermonumint, wurdt de kommende jierren renovearre. It ferneamde gebou mei de útsjochtoer dat hast 90 jier lyn boud waard, bliuwt yntakt. Der komt wol in útbou oan. In bysûndere opdracht foar arsjitekt Paul de Ruiter. Johan Vingerling is slûsmaster op de Ofslútdyk. It is syn taak om al it skipferkear by de slûs fan Koarnwertersân op de Ofslútdyk op feilige wize troch de slûs te begelieden. En dat is passe en mjitte. Hy neamt it sels 'Tetris voor gevorderden'. Gelokkich krijt Vingerling foar de rekreaasjefeart help fan stewards.