Fan ús
Terugkijken

Fan ús

18 juni 2019 17:30 - 18:00

Bauke Zelle is âld-Ljouwerter en wennet no yn Delft. As hy it hûs fan in kunde leechrommet komt er twa hiel bysûndere glês-yn-leadruten tsjin. Mei dêrop famyljewapens. Under syn speurtocht komt hy derefter dat der noch twa fan sokke ruten binne. Yn it Fries Museum wurde de ruten mei iepen earms ûntfongen. 

Fan ús

2 juli 2019 17:35 - 17:45 Ek yn it museum moat der opromme wurde. Dat falt net ta mei de 200.000 items dy't it Fries Museum yn behear hat. De metoade Marie Kondo - wurde je der net bliid fan, dan fuort dermei -, giet hjir net op. Hiel sekuer, alles fêstlizze, op syk nei in oar museum of nei in hiel soad speurwurk by de skinker fan eartiids útkomme: dat betsjut opromje foar in museum. Jonkhear van Andringa de Kempenaer wist net wat er seach; doe't de sjeas fan de famylje nei 120 jier by him op de oprit stie. 

Fan ús

25 juni 2019 17:35 - 17:45 Brûnspest: dat is net bêst! Foardat de skatten fan de Fikingen dit neijier tentoansteld wurde kinne, moatte se foar behanneling nei ArcheoCare yn Maarssen. Dat is nedich ek, want as je neat dogge sil de spearpunt, wêrmei't de Friezen har ferdigenje mochten tsjin de Fikingen, útinoar falle. 

Fan ús

11 juni 2019 17:30 - 17:45 Yn dizze ôflevering stiet it tema (út)lienen sintraal. Sa is der keunst fan it Fries Museum te sjen yn it MCL. Om sa de besiker yn in oare wrâld te lûken. Konservator Eveline Holsappel fertelt oer hoe't se by Tussen Kunst en Kitsch in hiele bysûndere glêzen beker seach fan mear as 400 jier âld. De Ottema-Kingmastichting hat de beker kocht en lient him út oan it Fries Museum. 

Fan ús

4 juni 2019 17:35 - 17:45 Yn it nije programma 'Fan ús' fan Omrop Fryslân sjogge we yn fiif ôfleveringen hoe't it efter de skermen wurket by it Fries Museum. De mear as 200.000 items dy't it Fries Museum yn it behear hat fertelle it ferhaal oer ús erfguod. In ferhaal dat oer ús giet, fan ús is; mar hoe wurdt it fan ús? It ferhaal fan Pim Dinghs út Brussel is yn dizze earste ôflevering te sjen. Hy fynt in echte Alma Tadema tekening op in antykmerk en beslút dat dy tekening mar op ien plak thúsheart: het Fries Museum.