Programmamakker Miranda Werkman folget regisseur Tatiana Pratley by it meitsjen fan lokaasjefoarstelling Under Wetter op de iisbaan fan Wergea. Thús oan de keukentafel fertelt Pratley wêrom't se de natuer in grutte stim jout yn it stik. Haadrolspylster Tamara Schoppert giet op besite by de echte eigener fan de iisbaan om te begripen hoe't it is om mei dyn lân generaasjes lang ferbûn te wêzen.