Op It Amelân wurdt it 'Muzikaal Bootwateren' hâlden yn de strjitten fan Hollum. By it dweilorkestefeest binne ferskate orkesten en koaren út Fryslân en de rest fan Nederlân fan de partij. De Hollumer Gromkes spylje ek op it feest. De band is ûntstien by 'it net neier te neamen feest' dat de eilanner yn desimber fiere. Muzikaal Bootwateren komt fan de gewoante om in slok te nimmen nei in rêdingsaksje. It feest set dan ek útein mei it te wetter litten fan de hynsterêdingsboat.