Yn de Oertocht sjogge wy achter de skermen by de feartsjinsten fan It Amelân en Skiermûntseach. Dizze wike wurdt de romp fan de nije sneltsjinst mei twa grutte kranen omkeard, moat ek de boat ‘De Oerd’ fol goaid wurde mei diesel en folgje wy Rita Hulsebos dy’t alle reservearringen opnimt.