Op It Amelân en Skiermûntseach farre neist de gewoane fearboaten ek noch wettertaksy's. Jakob van der Wal wennet yn Eastrum en hat hjoed tsjinst op de wettertaksy. Troch de krisis yn ‘e bou rekke hy syn wurk as grintskipper op it waad kwyt, syn âlde skip leit noch foar hûs. Hy wurket no alwer in skoft op de wettertaksy.