De Oertocht
Terugkijken

De Oertocht

27 september 2017 18:45 - 19:00

Yn de Oertocht geane wy hjoed mei op it grutste baggerskip dat aktyf is op it Waad. It baggerskip hellet alle jierren sa’n 2 miljoen kúb slib út de fargeul. Dat is nedich om It Amelân berikber te hâlden. De fargeul is de lêste jierren hieltyd langer wurden en der binne in soad bochten ûntstien. It Waad is in beskerme natuergebiet en samar rjochtút farre is dus gjin opsje.