Bûtenpleats
Terugkijken

Bûtenpleats

9 november 2020 17:15 - 17:30

Oflevering 3: Tunen en parken By in bûtenpleats heart in grutte siertún. En leafst ek in kuierpark. Oan de styl fan tún en park kinst faak sjen wannear't se oanlein binne. Sa wie yn de 18e iuw de Frânske formele tún yn de moade. Letter waard de Ingelske lânskipsstyl populêr, dêr't bygelyks de ferneamde túnarsjitekt Roodbaard spesjalisearre yn wie. By guon staten binne ûnderwilens ek tunen fan hjoeddeiske túnarsjitekten te bewûnderjen. Aflevering 3: Tuinen en parken Bij een buitenplaats hoort een grote siertuin. En liefst ook een wandelpark. Aan de stijl van tuin en park kun je vaak zien wanneer ze zijn aangelegd. Zo was in de 18e eeuw de Franse formele tuin in de mode. Later werd juist de Engelse landschapstijl populair, waar bijvoorbeeld de beroemde tuinarchitect Roodbaard gespecialiseerd in was. Bij sommige staten zijn intussen ook tuinen van hedendaagse tuinarchitecten te bewonderen.

Bûtenpleats

12 september 2021 17:35 - 18:00

Bûtenpleats

14 december 2020 17:15 - 17:30 Oflevering 8: Hoe no fierder? De measte Fryske staten rêde it no noch, mei eigen aktiviteiten, subsydzjes en frijwilligers. Mar hoe sjogge de eigeners de takomst? En hoe tinkt de folgjende generaasje oer de lusten en lêsten fan it besit fan in bûtenpleats? Aflevering 8: Hoe nu verder? De meeste Friese staten redden het nu nog, met eigen activiteiten, subsidies en vrijwilligers. Maar hoe zien de eigenaren de toekomst? En hoe staat de volgende generatie tegenover de lusten en lasten van het bezit van een buitenplaats?

Bûtenpleats

7 december 2020 17:15 - 17:30 Oflevering 7: De frijwilligers Net ien fan de bûtenpleatsen kin bestean bliuwe sûnder de stipe fan frijwilligers dy't mei helpe. Wat dogge de frijwilligers op de bûtenpleats en wa binne se? Faak binne it besiele minsken dy't harren ferbûn fiele mei de bûtenpleats. Wat driuwt se om safolle ûnbetelle tiid yn de state te stekken? Aflevering 7: De vrijwilligers Geen van de buitenplaatsen zou kunnen blijven bestaan zonder de vele vrijwilligers die meehelpen. Wat doen de vrijwilligers op het landgoed en wie zijn ze? Vaak zijn het gedreven mensen die zich verbonden voelen met het landgoed. Wat drijft ze om zoveel onbetaalde tijd in de state te stoppen?

Bûtenpleats

30 november 2020 17:15 - 17:30 Oflevering 6: Wa sil dat betelje? Elkenien dy't yn in âld hûs wennet, wit dat der in soad ûnderhâld is. Hielendal as it om in histoaryske bûtenpleats giet mei monumintale bygebouwen. Lokkich binne der alderlei subsydzjes, mar dat is net genôch om de kosten te dekken. Dus moatte der ynkomsten fûn wurde. Dat docht elke bûtenpleats op syn eigen wize. Aflevering 6: Wie zal dat betalen? Iedereen die in een oud huis woont, weet dat er veel onderhoud is. Zeker als het een historische buitenplaats is met monumentale bijgebouwen. Gelukkig zijn er allerlei subsidies, maar dat is niet genoeg om de kosten te dekken. Dus moeten er inkomsten gevonden worden. Dat doet iedere buitenplaats op z'n eigen manier.