Omrop Fryslân is fan 2 oant en mei 7 jannewaris dei en nacht live op de radio. Yn dy dagen en nachten gean de gewoane muzyklisten oan kant en stiet de hiele programmearring yn it ramt fan fersykjes fan harkers. 42 presintatoaren binne ekstra ynpland om der ek yn de jûntiid en nacht foar harkers te wêzen. En dus komst de bekende Omroppresintatoaren tsjin yn de programmearring, mar foarmje dy ek duo’s mei Omropmeiwurkers dy’t gewoanwei nea op ‘e radio binne.
Fan 2 oant 7 jannewaris bepaalstó dus wat wy draaie! Fersykjes oanfreegje kin 24 oeren deis fia de Omrop-app of troch in berjocht te stjoeren nei 06 20 499 199.