Snein is de dei fan de nostalgy yn it PC Kafee, it giet oer de PC's fan 1972 en 1982. Gasten binne ûnder mear twa fan de winners fan dy PC, Piet de Jong en Bert Rinia. De tredde maat, André Roosenburg libbet net mear, mar ek foar him sil der omtinken wêze. Yn 1972 wûn Hein Zijlstra de preemje. Hy skoot oan de stamtafel oan en sil fertelle oer de wûnderbaarlike parallellen tusken syn PC fan 1965 en 1972.