Deadebetinking

4 mei 2022 19:00 - 20:20

Op 4 maaie stjoert Omrop Fryslân de provinsjale deadebetinking yn de Prinsetún yn Ljouwert live út. Foarsitter fan de provinsjale betinking, Sybrand Buma, sprekt de betinkingsrede út. Der is muzyk fan de Brassband 'Hosannah' en Faske, de Fryske Ambassadeur fan de Frijheid, en in learling fan it Stedelijk Gymnasium sil in selsskreaun gedicht foardrage. Presintaasje leit yn hannen fan Eric Ennema.