Vlag kan uit in Sint Annaparochie: alle leerlingen Ulbe van Houten geslaagd

Learlingen meie hjoed de flagge úthingje dat se slagge binne foar harren eineksamens. Op dizze wize wurdt fierd dat learlingen harren diploma helle ha ûnder bysûndere omstannichheden. Troch de útbraak fan it coronafirus gienen de sintrale eineksamens net troch. De learlingen binne slagge op basis fan toetsen dy't earder dit skoaljier al makke binne. En ek al witte guon al lang dat se har diploma helle ha, hjoed mei dan dochs echt de flagge út. Want 4 juny is útroppen ta 'nasjonale slagingsdei'.
Slagge
De learlingen fan it Ulbe van Houten yn Sint-Anne wurde net opbelle, hjir komme de dosinten by de bern del om te fertellen oft se slagge binne. En by alle learlingen kin hjoed de flagge út, want foar it tredde jier op rige is der gjin ien sakke.

Kening Willem-Alexander

Kening Willem-Alexander en keninginne Máxima hawwe hjoed alle learlingen dy't slagge binne lokwinske. "Hartelijk gefeliciteerd", sa seit de kening yn in fideo op Twitter. "Jullie zijn natuurlijk geslaagd in een bijzonder jaar. Het coronajaar. En dat nemen ze je ook niet meer af."