Buma: Black Lives Matter-demonstratie in Leeuwarden moet wel volgens coronamaatregelen

De oankundige demonstraasje tsjin rasisme moat yn Ljouwert wol neffens de coronaregels ferrinne. Dat sei boargemaster Sybrand Buma fan de gemeente Ljouwert yn reaksje op it nijs oer it protest. De gemeente en de organisaasje fan de Black Lives Matter-demonstraasje moatte noch mei-inoar om tafel.
© ANP
De organisaasje tsjinne tongersdeitemiddei de oanfraach yn by de gemeente, mar hie noch gjin kontakt hân mei Buma. It is de bedoeling om op sneon 13 juny te demonstrearjen yn Ljouwert. Direkte oanlieding is de dea fan George Floyd, dy't twa wiken lyn troch plysjegeweld om it libben kaam. Dat hat laat ta Black Lives Matter-protesten oer de hiele wrâld.
Der is no foar Ljouwert keazen, omdat rasisme noch altyd in gefoelich ûnderwerp is yn Fryslân, seit Fabiola Sensi fan de organisaasje. Se kin noch net ynskatte hoefolle minsken op de demonstraasje ôfkomme sille.

Feilichheid yn coronatiid

Earder waard al yn Amsterdam, Den Haag, Grins en Rotterdam demonstrearre tsjin rasisme. Net yn alle stêden ferrûn dat sûnder problemen. Benammen it hâlden oan de coronamaatregel fan oardel meter ôfstân gie net altyd goed.
Dat is ek in belangryk punt foar boargemaster Buma. "We moatte noch mei de organisatoaren prate en harren der op wize dat sy der yn dizze coronatiid ferantwurdlik foar binne dat it feilich ferrint."

Oare easken as normaal

Neffens Buma hat de organisaasje frege om de demonstraasje te hâlden op it Aldehoustertsjerkhôf. It is noch ûnwis oft dy lokaasje grut genôch is, omdat it net dúdlik is hoefolle minsken der komme sille. Buma: "As gemeente fasilitearje wy de demonstraasje, want demonstrearje is in grûnrjocht. Mar we sitte yn in coronakrisis en dêrtroch stelle we oare easken as normaal."
Fabiola Sensi fan de organisaasje fan de Black Lives Matter-demonstraasje en boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert