Verdachte politieman was in het bezit van een kilo cocaïne

De 30-jierrige meiwurker fan de plysje Noard-Nederlân dy't Pinkstermoandei oanhâlden is, hie ien kilo kokaïne yn syn auto. Dat meldt it Iepenbier Ministearje tongersdei. De man wurket foar it distrikt East-Fryslân yn Drachten.
Drugs © Omrop Fryslân
Yn it hûs fan de fertochte waard in grutte hoemannichte kontant jild fûn.
De rjochtbank Noard-Nederlân hat it foararrest fan de man tongersdei mei fjirtjin dagen ferlinge. It ûndersyk is noch yn folle gong.