Deputearre: "Iepenbier ferfier hooplik gau rapper en minder yngewikkeld"

It cv fan Matthijs de Vries © Omrop Fryslân

De tastân fan it iepenbier ferfier yn Fryslân is soarchlik. Deputearre Matthijs de Vries kin nei eigen sizzen oan de prizen fan de kaartsjes net in soad dwaan, mar hy wol him wol ynsette foar mear bussen en mear halten.

Djoer, ûnpraktysk en te tiidrôvjend: dat is wat in soad Friezen fine fan reizgje mei it iepenbier ferfier, waard dizze wike nei ûndersyk dúdlik. De Vries hie sels om dat ûndersyk frege, doe't er noch Steatelid wie.

Dizze wike mocht er de resultaten as deputearre yn ûntfangst nimme. "Der steane wol wat analyzes yn dêr't we mei oan de slach moatte."

Den Haag freegje om mear jild

Wat de kosten oanbelanget, dêr kin de provinsjale polityk net in soad oan dwaan, neffens De Vries. "We binne der wol drok mei dwaande, want yn gearwurking mei oare deputearren yn Nederlân binne we oan it útsykjen hoe't we ekstra jild fan de Ryksoerheid krije kinne."

Sa is der yn Den Haag koartlyn in moasje oannaam om 300 miljoen yn it ov te stekken, sadat de tariven earst net omheech geane.

De realiteit is lykwols dat minsken de prizen no ek al te heech fine. "Mar der giet al 40 miljoen it jier fan de provinsje nei it iepenbier ferfier. Ik ha no net it jild om it goedkeaper te meitsjen. Dat is in politike kar."

"Ik ha gjin jild om de kaartsjes goedkeaper te meitsjen, it is in politike kar"

De Vries hat yn alle gefallen goede hoop dat de nije konsesjehâlder, Qbuzz, der yn alle gefallen foar soarget dat minsken earder mei de bus geane. "Dy komme mei mear halten, mear buslinen en foar itselde jild. Dus hooplik wurdt it dan better, rapper en minder yngewikkeld."

Hoe't Qbuzz dat finansjeel foarelkoar krijt, wol De Vries noch net diele. "Pas oer in pear wike wurdt de konsesje definityf, mar ik ha der alle fertrouwen yn. Mar koartsein, dat is 'marktwerking': meardere partijen wiene ynteressearre."

Yn 'It Polytburo' beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Matthijs de Vries.

Ek al leit der no in ûndersyk en is de konsesje foar de kommende tsien jier ferjûn, De Vries wol sels yn de earste moannen fan it nije jier ek noch de provinsje yn om te hearren wat minsken wolle.

"Dêrby sjogge we ek nei nije inisjativen, nei oare wizen fan iepenbier ferfier. Want mei in grutte bus troch Tsjummearum, dat dogge we sowieso net mear."

De Vries sil nei doarpshûzen en ûndernimmers ta: "Wat wolle jim no?"

Yn it rapport dat De Vries dizze wike ûntfongen hat, stiet dat benammen minsken sûnder eigen auto of rydbewiis mei ferfiersearmoed te krijen ha. Ferkearsearmoed betsjut dat minsken net op besite kinne by famylje of net in deike fuort kinne, omdat se gjin kâns sjogge om dêr te kommen.

Dan wurdt je libben hiel lyts.
Matthijs de Vries oer minsken yn 'e ferfiersearmoed

"It is alarmearjend", fynt de deputearre. "Der is in twadieling. Oan de iene kant hast minsken mei jild dy't foar de auto kieze omdat se dat makliker fine. De oare groep hat just muoite om al in auto te keapjen. Boppedat is it foar har te djoer om mei it iepenbier ferfier te gean of in elektryske fyts te keapjen."

Foaral minsken mei in leech ynkommen rinne troch ferfiersearmoed it risiko om yn in isolemint te reitsjen. "Dan wurdt je libben hiel lyts."

De Vries is net in soad dwaande mei de Twadde Keamerferkiezingen dy't foar de doar steane. Dêrfoar hat er it te drok. "Ik krij der net in soad fan mei. Allinnich as ik jûns thúskom, sit ik noch even foar de telefyzje."

Hoe sjocht Matthijs de Vries nei de takomst fan de konfesjonele polityk?

Hy fynt it wol spannend. "Ik bin hiel benijd nei de útslaggen. Wat it ek wurdt, ik hoopje dat der ynvestearringen komme yn de regio. Der moat hjir wat gebeure, ek yn it iepenbier ferfier."

De cartoon fan Gerco van Beek oer Matthijs de Vries © Omrop Fryslân