Natuergebieten lykje hieltyd mear op elkoar troch stikstofútstjit

Romke Kleefstra fan Sovon Vogelonderzoek © Remco de Vries, Omrop Fryslân

Natuergebieten lykje hieltyd mear op elkoar troch de dominante posysje fan de lânbou sa't dy no plakfynt, sa seit Romke Kleefstra fan Sovon Vogelonderzoek. Dat is gjin goed nijs foar it bioferskaat en dan benammen foar soarten dy't hjir eins thúshearre.

De natuer hat lêst fan it útdrûgjen, fersoering en de fermesting fan it wetter. Dat soe benammen komme troch tefolle stikstof.

"Wat it as gefolch hat, is dat natuergebieten hieltyd mear op elkoar lykjen gean trochdat sawol yn de sompegebieten, de dúngebieten as de heidegebieten je sjogge dat struken en beammen taslagge", seit Kleefstra.

Heech en leech Nederlân

Kleefstra lei de situaasje tongersdei út by in grut sympoasium oer lânskip en bioferskaat yn it Fries Natuurmuseum. En neffens him is ek bûten dy lânskippen de wrâld feroare: "Us iepen, Fryske lânskip is hieltyd mear in parklânskip wurden dat hiel bot liket op dat yn hegere parten fan Nederlân sa as it eastlike part fan Nederlân."

Dy feroarings sjogge je ek yn de fûgelwrâld werom: "De fûgels dy't altiten yn it easten fan ús lân foarkamen lykas de grutte eksterspjocht sitte hjoedtedei allegear yn it Lege Midden fan Fryslân. De fûgels fan heech Nederlân binne leech Nederlân ynlutsen."

It iepen gebiet fan Nederlân, ús kustgebieten, binne dus hieltyd mear op it hege Nederlân lykjen gean.

In beamke op de heide © Remco de Vries, Omrop Fryslân

Yn ûnder oaren de Natura 2000 Europeask beskerme natuergebieten binne noch wol fûgels, planten en ynsekten te finen dy't hearre by de Frysk eigen natuer. Al binne dy populaasjes wol tige kwetsber, sa as dy fan de wylp.

Twa wylpen yn de Warkumerwaard © Remco de Vries

Kleefstra: "Dat is in soart dy't op Europeask nivo swier ûnder druk stiet. Dat dy útstjerre kin, sjochst yn Ierlân. Foarhinne sieten dêr tûzenen wylpen te brieden. Dat wie ek de nasjonale fûgel. Dêr sit no gjin hûnderd span mear."

Ierlân

En der binne mear paralellen tusken Fryslân en Ierlân: dêr hawwe sy ek te krijen mei de feroarings fan it lânskip dêrby't ek de lânbou in hiele grutte rol spilet. Wy ha dat hjir ek, wylpen binne ferdwûn út de natuergebieten. Dy gebieten binne útdrûge en ferrûge.

Sy sitte noch yn lânbougebiet, mar dêr dogge sy it ek net goed. Want harren briedperioade kin net oer it yntensieve gebrûk fan it lân.

Waadnatuer op Skylge © Remco de Vries, Omrop Fryslân

Kleefstra sjocht mei eigen eagen dat karakteristike briedfûgels net mear spesifyk yn ien soarte gebiet, as dúngebieten of heidegebieten goed dije. Dat jildt ek foar soarten yn leechfeansompen.

"By leechfeansompen moatst tinke oan gebieten lykas de Alde Feanen, de Deelen en de Rottige Meenthe. Sjoch dêr mar is nei. Dat is foar in grut part bosk wurden."

"BBB"

Dat hat te krijen mei útdrûging en mei it feit dat der mear iten te finen is. Kleefstra: "Ik makke hjir ek in bytsje it grapke dat de planten dy't it dêr goed dogge de toarnbeien, de bjirken en de brannettels binne. Dat is de B, de B en de B..."

Sompenatuer yn de Rottige Meenthe © Remco de Vries, Omrop Fryslân

Der is no belied om wat te dwaan tsjin de ferdrûging, mar dat wachtet foar in part ek noch op dúdlikhied fan it Ryk.

Foar stikstofgefoelige gebieten binne 'natuurdoelanalyses' ynlevere mei maatregels dy't troch de saneamde Ecologische Autoriteit tsjin it ljocht hâlden wurde. Fan dêr út wurdt ek fierder wurke oan Frysk Programma Lânlik Gebiet (FPLG) en oan gebietsprosessen.

In oare ynstek om kwetsbere soarten yn natuergebieten te beskermjen is it mei elkoar ferbinen fan dy natuer. De 'Ecologische Hoofdstruktuur' is ea troch doetiids steatssekretaris Henk Bleker útklaaid ta wat no it Natuur Netwerk Nederland (NNN) is.

Dy is yn Fyslân noch net folslein oanlein. Ek omdat it Ryk dêr net genôch jild foar oermakke hat. In mienskiplik inisjatyf fan boeren en natuerorganisaasjes pakt dat no op. En dat hjit Natuer mei de Mienskip.

It hjoeddeistige provinsjale bestjoer hat dêr lykwols wol in hurde betingst by; it mei net liede ta nije Europeask beskerme Natura 2000 natuer.

Dellebuurster heide © Remco de Vries, Omrop Fryslân

Op de fraach at dat gjin handicap is by it beskermjen fan dy kwetsbere natuer, seit natuer deputearre Mathijs de Vries (CU) dat sy drok dwaande binne mei de realisaasje en ûntwikkeling fan de gebieten.

"Yntensive petearen"

"Wy dogge it ek mei de mienskip, want wy ha ek Natuer mei de Mienskip. Dy dogge hiel goed wurk mei de mienskip, de boeren en de ûndernimmers. Mei eltsenien sjogge sy at sy saken mei elkoar ferbine kinne. Dêr moatte wy stappen yn sette en dat dogge wy op frijwillige basis en it binne yntensive petearen."

Deputearre Matthijs de Vries © Provinsje Fryslân

De Vries sjocht it net als behindering dat yn it NNN gjin nije gebieten oanwiisd wurde as Natura 2000 gebiet. "It NNN is ek hiel moai en dêrmei kinne wy echt oan 'e slach mei it bioferskaat."

Kleefstra sjocht hiel oars nei de betinkst dat der gjin nij Natura 2000 gebiet ûntstean mei: "Wat is der mis mei Natura 2000 gebieten. Dat sil mooglik in probleem wêze omdat de beskerming dêr wat heger leit. Mar dat is no krekt wat wy nedich ha. Dat dy gebieten goed beskerme wurde."